V for Vendetta (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
V for Vendetta is in Britsk-Amerikaansk-Dútske dystopyske politike skriller út 2005 ûnder rezjy fan James McTeigue. It is in science fiction-film ynsafier't it giet oer in takomstige totalitêre maatskippij yn Ingelân. De haadrollen waarden fertolke troch Natalie Portman en Hugo Weaving (waans gesicht de hiele film troch bedutsen bliuwt). De titel betsjut "V foar Vendetta" (vendetta is in Italjaansk wurdt foar "fete" of "wraak"). It ferhaal spilet yn in Ingelân dat in faksistyske diktatuer wurden is. Ien inkele maskere frijheidsstrider, dy't himsels "V" neamd, besiket in revolúsje te feroarsaakjen mei in rige yngewikkelde terroristyske aksjes. Evey Hammond, in jonge frou út 'e arbeidersklasse, rekket tsjin wil en tank by syn misje belutsen. V for Vendetta krige fan 'e filmkritisy foar it meastepart positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. Portman wûn in Saturn Award foar har rol as Evey Hammond. It troch V brûkte Guy Fawkes-masker ûntjoech him troch de film ta in ikoanysk symboal foar striid tsjin tiranny en ûnrjocht.
V for Vendetta | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | James McTeigue | |
produsint | Joel Silver Grant Hill Andy Wachowski Larry Wachowski | |
senario | Andy Wachowski Larry Wachowski | |
basearre op | de stripsearje fan Alan Moore en David Lloyd | |
kamerarezjy | Adrian Biddle | |
muzyk | Dario Marianelli | |
filmstudio | Silver Pictures Virtual Studios Anarchos Productions | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Natalie Portman Hugo Weaving | |
byrollen | Stephen Rea John Hurt Stephen Fry Tim Pigott-Smith | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten Dútslân | |
premiêre | 11 desimber 2005 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dystopyske politike skriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 132 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $50 miljoen | |
opbringst | $132,5 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award |