Universiteit fan York
Universiteit fan York / From Wikipedia, the free encyclopedia
De Universiteit fan York (mei Ebor. as postnominale letters), is in saneamde plate glass university yn de stêd York yn Ingelân. De universiteit waard stichte yn 1963 (mei 200 studinten), en hat him sûnt útwreide oer goed tritich ôfdielings en sintrums, dêr't op in breed mêd ûndersyk dien wurdt.
Fluch de feiten
Universiteit fan York | ||
Namme | ||
Ynternasjonale namme | University of York | |
Biedwurd | In limine sapientiae ('Op 'e drompel fan wiisheid') | |
Lokaasje | ||
Lân | Ingelân | |
Plak | York | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1963 | |
Rektor | Greg Dyke | |
Tal studinten | 15.353 (2014) | |
Tal meiwurkers | 3.091 | |
Netwurken | EUA, N8, Russell Group, White Rose University Consortium, WUN | |
Offisjele webside | ||
www.york.ac.uk |
Slute
Yn 2012 kaam de universiteit by de Russell Group, in erkenning fan it liedend ûndersyk en it treflik ûnderrjocht fan it ynstitút.
De universiteit lûkt studinten mei in grut ferskaat oan eftergrûnen; in grut tal bûtenlânske studinten en in betreklik heech tal studinten fan oerheidsskoallen ferlike mei oare universiteiten dy't heech oanskreaun steane (neffens The Times Good University Guide).