Toer fan Pisa
From Wikipedia, the free encyclopedia
De (skeve) Toer fan Pisa is de frijsteande klokketoer by de katedraal fan Pisa. De toer is ien fan de ûnderdielen fan it Camp dei Miracoli. De boumasters wienen Gugilmo en Buonanno. De bedoeling wie om in fertikale toer te bouwen mar al koart nei it begjin fan de bou yn augustus 1173 begûn er oer te hingjen.
De toer is 55.86 meter heech en it gewicht is likernôch 14.453 ton. De skeante is no likernôch 10%. De toer hat 297 treden.
Op 27 febrewaris 1964 frege it Italjaanske regear om help om te soargjen dat de toer net omfalle soe. Op 7 jannewaris 1990 is de toer sletten fanwegen de feiligens. De toer is dêrnei restaurearre om de skeante te ferminderjen. Dat hat tsien jier duorre, mar sûnt 15 desimber 2001 is de toer wer iepen foar publyk.
De eksperts binne derút dat de toer de earste trije iuwen net ynstoarte sil. "De toer is opnij feilichsteld", sei professor Carlo Viggiani fan de universiteit fan Napels yn de Italjaanske media. Professor Michele Jamiolkowski, de yngenieur dy’t de renovaasje late, hat sein dat de 800-jierrige toer yn septimber 2003 foar it earst wer stabyl is. De lêste faze fan de renovaasje hat 28 miljoen euro koste. De eksperts hawwe de fûneminten fan it gebou fersterke en de toer 44 sintimeter oerein lutsen. It oerhingjen is no wat mear as fjouwer meter. De toer hielendal rjochtsette hawwe se net dien, dat soe net goed wêze foar it toerisme. De toer sjocht er itselde út as yn 1800.