The Magnificent Seven (film út 2016)
film út 2016 fan Antoine Fuqua / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Magnificent Seven is in Amerikaanske westernfilm út 2016 ûnder rezjy fan Antoine Fuqua, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Chris Pratt. De titel betsjut "De Treflike Sân". De film is in remake fan 'e westernklassiker The Magnificent Seven út 1960, dy't sels in werferbylding wie fan 'e samoeraifilm Seven Samurai, út 1954. It ferhaal giet oer sân fjochters dy't dermei ynstimme om in stedsje te ferdigenjen tsjin in grutte binde banditen. The Magnificent Seven waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto, yn septimber 2016. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta beskieden kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
The Magnificent Seven | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Antoine Fuqua | |
produsint | Roger Birnbaum Todd Black | |
senario | Nic Pizzolatto Richard Wenk | |
basearre op | Seven Samurai fan Akira Kurosawa en The Magnificent Seven fan John Sturges | |
kamerarezjy | Mauro Fiore | |
muzyk | James Horner Simon Franglen | |
filmstudio | Metro-Goldwyn-Mayer Columbia Pictures Village Roadshow Pictures LStar Capital Pin High Productions Escape Artists Fuqua Films United Artists | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing Metro-Goldwyn-Mayer | |
spilers | ||
haadrollen | Denzel Washington Chris Pratt | |
byrollen | Haley Bennett Ethan Hawke Manuel Garcia-Rulfo Vincent D'Onofrio Byung-hun Lee Martin Sensmeier Peter Sarsgaard | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 23 septimber 2016 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | westernfilm | |
taal | Ingelsk (ek Spaansk en Komantsje) | |
spyltiid | 133 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $90 miljoen | |
opbringst | $162,4 miljoen |
Slute