The Hollywood Reporter
From Wikipedia, the free encyclopedia
The Hollywood Reporter, soms ôfkoarte ta THR, is in Amerikaansk tydskrift dat sawol op papier as online útkomt. Sa't de namme al seit, docht it ferslach fan "Hollywood": it leit him ta op nijs út 'e Amerikaanske filmyndustry, tillefyzjeproduksje en bredere entertainmentsektor. The Hollywood Reporter is in wykblêd dat al bestiet sûnt 1930. De haadredaksje is fêstige yn Los Angeles. It tydskrift wurdt útjûn troch de Billboard-Hollywood Reporter Media Group, in dochterûndernimming fan Valence Media, dy't ek it muzykblêd Billboard publisearret.
Fluch de feiten
The Hollywood Reporter | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | entertainment | |
frekwinsje | 1x yn 'e wike | |
bestean | 1930 – no | |
oprjochter | William R. Wilkerson | |
plak haadred. | Los Angeles (Kalifornje) | |
útjouwer | Billboard-Hollywood Reporter Media Group (Valence Media) | |
ISSN | 0018-3660 | |
offisjele webside | ||
hollywoodreporter.com |
Slute