The Hitman's Bodyguard
film út 2017 fan Patrick Hughes / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Hitman's Bodyguard is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2017 ûnder rezjy fan Patrick Hughes, mei yn 'e haadrollen Ryan Reynolds en Samuel L. Jackson. De titel betsjut "De Hiermoardner syn Liifwacht". It ferhaal folget de oan legerwâl rekke liifwacht Michael Bryce, dy't troch in âlde flam behelle wurdt yn 'e beskerming fan syn aartsfijân, de hiermoardner Darius Kincaid. Dyselde moat foar it Ynternasjonaal Strafhof yn De Haach tsjûgje tsjin 'e eardere diktator fan Wyt-Ruslân, en Bryce moat derfoar soargje dat er dêr libben arrivearret. The Hitman's Bodyguard krige foar it meastepart negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In ferfolchfilm, The Hitman's Wife's Bodyguard, kaam út yn 2021.
Fluch de feiten
The Hitman's Bodyguard | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Patrick Hughes | |
produsint | Mark Gill John Thompson Matt O'Toole Les Weldon | |
senario | Tom O'Connor | |
kamerarezjy | Jules O'Laughlin | |
muzyk | Atli Örvarsson | |
filmstudio | Summit Entertainment Millennium Films Cristal Pictures | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Ryan Reynolds Samuel L. Jackson | |
byrollen | Élodie Yung Gary Oldman Salma Hayek Yuri Kolokolnikov Joaquim de Almeida | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 18 augustus 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk (ek wat Russysk, Frânsk, en Nederlânsk) | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $30–69 miljoen | |
opbringst | $176,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | The Hitman's Bodyguard | |
● folgjend diel | The Hitman's Wife's Bodyguard |
Slute