Terminator: Dark Fate
film út 2019 fan Tim Miller / From Wikipedia, the free encyclopedia
Terminator: Dark Fate is in Amerikaansk-Sineeske science fiction-aksjefilm út 2019 ûnder rezjy fan Tim Miller, mei yn 'e haadrollen Natalia Reyes, Mackenzie Davis, Linda Hamilton en Arnold Schwarzenegger. De titel betsjut "Beëiniger: Tsjuster Lot". De film is it sechsde diel út 'e Terminator-rige en folget as sadanich op Terminator: Genisys (2015). It ferhaal negearret lykwols de lêste trije films en borduerret inkeld fierder op The Terminator (1984) en Terminator 2: Judgment Day (1991). Fiifentweintich jier nei de foarfallen út dy lêste film stjoere de masines út 'e takomst op 'e nij in Terminator, de Rev-9, werom yn 'e tiid, diskear om 'e Meksikaanske jongfaam Dani te fermoardzjen. It minsklik ferset stjoert ek wer in fertsjintwurdiger om 'e Terminator tsjin te kearen, de cyborg-supersoldate Grace. Yn 'e tsjintwurdige tiid jouwe Sarah Connor en in T-800 Terminator fan it Skynet har by Dani en Grace. Terminator: Dark Fate krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive oant tuskenbeiden resinsjes, mar flopte yn 'e bioskopen en koste de ferantwurdlike filmstudio's sa'n $130 miljoen. It hie de bedoeling west om teminsten twa ferfolchfilms te meitsjen, mar nei dat ferlies waarden dy plannen skrast.
Terminator: Dark Fate | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Tim Miller | |
produsint | James Cameron David Ellison | |
senario | David S. Goyer Justin Rhodes Billy Ray | |
kamerarezjy | Ken Seng | |
muzyk | Tom Holkenborg | |
filmstudio | Paramount Pictures Skydance Media 20th Century Fox Tencent Pictures TSG Entertainment Lightstorm Entertainment | |
distribúsje | Paramount Pictures (Noard-Am.) Tencent Pictures (Sina Walt Disney Studios Motion Pictures (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Natalia Reyes Mackenzie Davis Linda Hamilton Arnold Schwarzenegger | |
byrollen | Gabriel Luna Diego Boneta Tristán Ulloa Enrique Arce | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Sina | |
premiêre | 23 oktober 2019 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-aksjefilm | |
taal | Ingelsk en Spaansk | |
spyltiid | 128 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $185–196 miljoen | |
opbringst | $261,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Terminator | |
● foarich diel | Terminator: Genisys |