Taken 3
From Wikipedia, the free encyclopedia
Taken 3 (soms stilearre as Tak3n) is in Ingelsktalige Frânsk-Amerikaansk-Spaanske aksjefilm út 2014 ûnder rezjy fan Olivier Megaton, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson, Maggie Grace en Forest Whitaker. It ferhaal giet oer Bryan Mills, in âld-agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, dy't falsk beskuldige wurdt fan 'e moard op syn eks-frou. Hy beweecht himel en ierde om syn ûnskuld te bewizen en de wiere dieders te pakken. Taken 3 wie it trêde en lêste diel fan 'e Taken-trilogy, nei Taken (2008) en Taken 2 (2012). De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
Taken 3 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Olivier Megaton | |
produsint | Luc Besson | |
senario | Luc Besson Robert Mark Kamen | |
kamerarezjy | Eric Kress | |
muzyk | Nathaniel Méchaly | |
filmstudio | EuropaCorp M6 Films TSG Entertainment Groupe Canal+ Ciné+ Meñakoz Films | |
distribúsje | EuropaCorp (Frankryk) 20th Century Fox (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Liam Neeson Maggie Grace Forest Whitaker | |
byrollen | Famke Janssen Dougray Scott Sam Spruell Leland Orser | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Frankryk Feriene Steaten Spanje | |
premiêre | 16 desimber 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 108 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $48 miljoen | |
opbringst | $325,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Taken | |
● foarich diel | Taken 2 |
Slute