Staro Golûtvin-kleaster
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Epifany Staro-Golûtvinkleaster (Russysk: Старо-Голутвин монастырь; Staro-Golûtvin monastyr) is in kleaster fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke oan 'e râne fan 'e russyske stêd Kolomna. It kleaster leit by it plak dêr't de Moskva gearrint mei de Oka en waard stifte tsjin it ein fan 'e 14e iuw. It kleaster wie noch net lang lyn in boufal, mar is sûnt de weromjefte yn 1993 oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke restaurearre.
Fluch de feiten
Staro-Golûtvin kleaster Старо-Голутвин монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moskou | |
plak | Kolomna | |
koördinaten | 55° 04' N 38° 49' E. | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 14e iuw | |
oprjochter | Sergius fan Radonezj | |
opheffing | 1929 | |
weriepening | 1994 | |
Ynformaasje bou | ||
arsjitekt | F.N. Malinovski (katedraal) | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 501420758900006 | |
Webside | ||
starogolutvin.ru | ||
Kaart | ||
Slute
Tusken 1995 en 2012 waarden in tal gebouwen fan it kleaster brûkt troch it Otterdokse Teologyske Seminaarje fan Kolomna, oant dat nijbou krige op it eastlike diel fan it kleasterkompleks.