Star Wars: Clone Wars (telefyzjesearje út 2003)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Star Wars: Clone Wars is in Amerikaanske tekenfilmsearje foar bern dy't rûn fan 2003 oant 2005, en dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Star Wars-franchise. De searje, dy't ta de sjenres fan militêre science fiction, fantasy, aksje en aventoer heart, waard basearre op 'e Star Wars-prequeltrilogy. De titel betsjut: "Stjerre-oarloggen: Kloane-oarloggen". De searje folget de aventoeren fan 'e Jedi-ridders Anakin Skywalker en Obi-Wan Kenobi yn 'e Kloane-oarloggen, in troch de boasaardige Sith-master Darth Sidious beävensearre konflikt dat it hiele Stjerrestelsel yn gaos en geweld weisakje lit. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars moat Star Wars: Clone Wars pleatst wurde tusken de films Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith yn. Yn totaal waarden der 25 ôfleverings makke. Star Wars: Clone Wars wûn trije Emmys en in Annie Award.
Star Wars: Clone Wars | ||
tillefyzjesearje | ||
(Titelbyld yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
betocht troch | George Lucas | |
ûntwikkele troch | Genndy Tartakovsky | |
produsint | Genndy Tartakovsky Shareena Carlson (seiz. 3) | |
útfierend produsint | Brian A. Miller | |
regisseur(s) | Genndy Tartakovsky | |
senario | Bryan Andrews Darrick Bachman Paul Rudish Genndy Tartakovsky | |
basearre op | Star Wars-prequeltrilogy | |
muzyk | John Williams (titelmuzyk) James L. Venable (soundtrack) Paul Dinletir (soundtrack) | |
tillefyzjestudio | Lucasfilm Cartoon Network Studios | |
distribúsje | Warner Bros. TV Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | Mat Lucas James Arnold Taylor Tom Kane Terrence C. Carson Anthony Daniels Corey Burton Grey DeLisle Nick Jameson | |
skaaimerken | ||
foarm | tekenfilmsearje | |
sjenre | militêre science fiction-searje fantasysearje aksjesearje aventoeresearje | |
seizoenen | 3 | |
jierren | 2003 – 2005 | |
tal ôfl. | 25 | |
spyltiid (ôfl.) | 3-5 min. (seiz. 1 en 2) 12-15 min. (seiz. 3) | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
prizen | 3× Emmy Award 1× Annie Award | |
besibbe searjes | Star Wars: The Clone Wars |
- Net te betiizjen mei Star Wars: The Clone Wars, in oare Star Wars-tekenfilmsearje, út 2008.