Sicario: Day of the Soldado
film út 2018 fan Stefano Sollima / From Wikipedia, the free encyclopedia
Sicario: Day of the Soldado, yn it Feriene Keninkryk en Itaalje útbrocht as Sicario 2: Soldado, is in Amerikaanske aksje-skriller fan 'e Italjaanske regisseur Stefano Sollima nei in senario fan Taylor Sheridan. It is it ferfolch op 'e film Sicario, út 2015, en hat yn 'e haadrollen Benicio del Toro, Josh Brolin en Isabela Moner. De plot draait om it besykjen fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten om in oarloch te feroarsaakjen tusken inkele Meksikaanske drugskartels. Sicario: Day of the Soldado wie in kommersjeel súkses, mar koe it neffens de filmkritisy net hâlde foar de oarspronklike film oer. De film waard opdroegen oan 'e neitins oan Jóhann Jóhannsson, dy't foar de oarspronklike film de filmmuzyk komponearre hie en dy't yn febrewaris 2018 ferstoar.
Sicario: Day of the Soldado | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Stefano Sollima | |
produsint | Basil Iwanyk Edward L. McDonnell Molly Smith Thad Luckinbill Trent Luckinbill | |
útfierend produsint | Ellen H. Schwartz Richard Middleton Erica Lee | |
senario | Taylor Sheridan | |
kamerarezjy | Dariusz Wolski | |
muzyk | Hildur Guðnadóttir | |
filmstudio | Black Label Media Thunder Road Films | |
distribúsje | Columbia Pictures Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Benicio del Toro Josh Brolin Isabela Moner | |
byrollen | Jeffrey Donovan Catherine Keener Manuel Garcia-Ruffo Elijah Rodriguez Matthew Modine | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 juny 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksje-skriller | |
taal | Ingelsk (ek Spaansk) | |
spyltiid | 122 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $35 – 45 miljoen | |
opbringst | $75,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Sicario | |
● foarich diel | Sicario |