Seksuele yntimidaasje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Seksuele yntimidaasje of in net-winske yntimiteit is yntimidaasje yn 'e foarm fan seksueel grinskrusend gedrach dat yn in stikmannich situaasjes barre kin troch in persoan oan in oar persoan dy't it as net-winske of yntimidearjend ûnderfynt. It kin yn in foarm fan mûnling, net-mûnling of lichaamlik gedrach op seksueel mêd ta doel it slachtoffer yn syn of har wearde oan te taasten, benammen wannear't der in driigjende, fijannige, misledigjende, krinkende en sear dwaande situaasje skepen wurdt.
Seksuele yntimidaasje kin barre tusken persoanen dy't inoar kinne, bygelyks op it wurk of op in ûnderrjochtsynstitút, mar ek tusken minsken dy't inoar net kenne, sa as bygelyks op strjitte, yn winkels of yn it iepenbier ferfier. Boppedat komt it ek op it ynternet foar.
Seksuele yntimidaasje kin troch manlju, mar ek troch froulju, dien wurde. Ut in ûndersyk yn 2015 bliek dat yn Nederlân de dieder almeast in man wie en it slachtoffer almeast in frommes. Der kinne ferskate oarsaken wêze wêrom't in persoan tinkt dat sok gedrach tastien is. Foarbylden binne: de persoan hat der gjin besleur fan dat itjinge er docht yntimidearjend ûnderfûn wurdt troch it slachtoffer; de persoan komt fan in kultuer dêr't soksoarte gedrach tastien wurdt; dyjinge dy't himsels seksueel oanlutsen fielt ta it slachtoffer en tinkt dat de yntimidaasje in foarm fan flirten is. Ek komt it foar dat immen tinkt dat er troch syn status, posysje of rykdom litte en dwaan kin wat er mar wol.
De gefolgen foar de slachtoffers fan seksuele yntimidaasje kinne psychysk of lichaamlik wêze. Slachtoffers kinne oantaaste wurde yn harren wearde en wolwêzen, mar ek lilkens, eangst, mistrouwen, krinking en skamte fiele. Lichaamlike gefolgen binne gauris stress, sliepeleazens en konsintraasjefersteuring. Op it wurk kin soks ta burn-outklachten en siikmeldings liede.