Schaumburg (Illinois)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Schaumburg (Amerikaansk-Ingelske útspr.: ['ʃɔ:mbɜ:ɹɡ], likernôch: "sjôm-beurk") is in doarp (village) yn it noardeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Illinois. It leit foar in diel yn Cook County en foar in diel yn DuPage County, en is in noardwestlike foarstêd fan Chicago. Schaumburg stiet benammen bekend om 'e Woodfield Mall, it grutste winkelsintrum fan Illinois, dêr't lju út 'e hiele steat op ôfkomme. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie it doarp doe krapoan 75.000 ynwenners. Yn 2018 waard Schaumburg troch it tydskrift MONEY Magazine it earste plak taparte op in ranglist fan bêste plakken om te wenjen yn Illinois.
Fluch de feiten
Schaumburg | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Illinois | |
County | Cook County, DuPage County | |
Township | Schaumburg Palatine Hanover | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 74.446 (2016) | |
Oerflak | 50,24 km² (ynkl. wetter) 49,95 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.481,8 / km² | |
Stêdekloft | Chicago | |
Hichte | 242 m | |
Oar | ||
Stifting | 1858 | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 42°01′49″N 88°05′02″W | |
Offisjele webside | ||
www.ci.schaumburg.il.us | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Schaumburg yn DuPage County en Cook County, en yn 'e steat Illinois. |
Slute