Sauerlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Sauerlân is in gebiet yn de Dútske dielsteaten Noardryn-Westfalen en Hessen.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Sauerlân | ||
berchtme | ||
Lizzing fan it Sauerlân yn Dútslân | ||
geografy | ||
diel fan | Noardryn-Westfalen, Hessen | |
lân | Dútslân | |
sifers | ||
oerflak | 4462,04 km2 | |
heechste punt | Langenberg | |
hichte | 843,2 m | |
geology | ||
yndieling | middelberchtme | |
stiensoarte | laaistien |
De hichte fariearret fan sa'n 200 m yn de delling fan de Ruhr oant goed 840 m yn Hochsauerland, yn de omkriten fan Winterberg. Dêr leit de Kahler Asten, in ferneamde berch fan 841,9 m hichte. De Langenberg is mei 843,2 m de heechste berch fan it Sauerlân en leit op de grins fan Noardryn-Westfalen en Hessen. It Sauerlân leit yn it streamgebiet fan de Ryn en de Weser. Yn Sauerlân ûntspringe ferskate rivieren dêr't de Ruhr en de Möhne ûnder binne.
In grut part fan dizze rivieren dy’t yn it Sauerlân begjinne wurde ûnderbrútsen troch wetterkearingen wêrtroch't grutte djippe marren ûntstien binne, dy’t tsjinje foar wetteropslach, regulaasje fan it wetterpeil, enerzjyfoarsjenning en rekreaasje. In oantal fan de Wetterkearingen is yn de Twadde Wrâldkriich bombardearre de ferneamste dêrfan is de Wetterkearing yn de Möhne.