Santa Barbara (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Santa Barbara is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, dêr't it ynklamme leit tusken it Santa Ynezbechtme en de Stille Oseaan. It is it haadplak fan it omlizzende Santa Barbara County. De stêd priizget himsels oan as "de Amerikaanske Riviêra", en is bûten Kalifornje fral bekend troch de soapsearje Santa Barbara, dy't jierrenlang (ek yn Nederlân) op 'e tillefyzje te sjen wie. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Santa Barbara doe krapoan 91.000 ynwenners (kwa grutte is it dus te ferlykjen mei Ljouwert). Mei alle foarstêden derby, lykas Isla Vista, Montecito, Mission Canyon, Hope Ranch en Summerland, hat Santa Barbara as stêdekloft in ynwennertal fan likernôch 220.000.
Fluch de feiten
Santa Barbara | ||
In útsjoch oer de readpanne dakken fan Santa Barbara dat út nei de see. | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Santa Barbara County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 90.893 (2012) | |
Oerflak | 108,7 km² (ynkl. wetter) 50,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.753 / km² | |
Stêdekloft | 220.000 (2010) | |
Hichte | 15 m | |
Oar | ||
Stifting | 1782 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 34°25′33″N 119°42′51″W | |
Offisjele webside | ||
www.santabarbaraca.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Santa Barbara yn Santa Barbara County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute