Road House (film út 1989)
film út 1989 fan Rowdy Herrington / From Wikipedia, the free encyclopedia
Road House is in Amerikaanske aksjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Rowdy Herrington, mei yn 'e haadrollen Patrick Swayze en Ben Gazzara. De titel ferwiist nei in roadhouse (letterlik "weihûs" of "dykhûs"), in mingde horekagelegenheid oan in trochgeande wei. It ferhaal folget de profesjonele útsmiter James Dalton, dy't troch horeka-ûndernimmer Frank Tilghman frege wurdt om regaad te meitsjen yn syn bar anneks nachtklub yn Jasper, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Missoery. Dy wurdt nammentlik teheistere troch in kliïntêle besteande út túch en ûnrant. Ienris op dat plak oankommen, docht lykwols bliken dat it echte probleem in pleatslike miljonêr is dy't it hiele stedsje ôfparst. Road House krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar die it ridlik yn 'e bioskopen en wûn neitiid de status fan cultklassiker. Yn 2006 waard in ferfolchfilm, mei as titel Road House 2, direkt op fideo útbrocht.
Road House | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Rowdy Herrington | |
produsint | Joel Silver | |
senario | David Lee Henry Hilary Henkin | |
kamerarezjy | Dean Cundey | |
muzyk | Michael Kamen | |
filmstudio | Silver Pictures | |
distribúsje | United Artists | |
spilers | ||
haadrollen | Patrick Swayze Ben Gazzara | |
byrollen | Kelly Lynch Sam Elliott Kevin Tighe | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 19 maaie 1989 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 114 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $15 miljoen | |
opbringst | $30,1 miljoen |