Renêssânse
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Renêssânse (letterlik werberte) wie yn de skiednis fan Jeropa in tiidrek fan it opbloeien fan keunst, wittenskip en letterkunde dy't har grûnslach hie yn de werberte fan de ferwurvenheden fan de Klassike Aldheid. De Renêssânse begûn yn Itaalje yn de 13e of 14e iuw en fersprate him yn de folgjende iuwen oer de rest fan Jeropa. De term wurdt yn algemiene sin ek brûkt foar oare perioaden fan kultureel weroplibjen yn de skiednis, lykas de Karolingyske Renêssânse.