Notre-Dame fan Parys
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Notre-Dame fan Parys is in katedraal op de Île de la Cité yn Parys, in eilân yn de Seine. Notre Dame bestjút 'Us Frouwe', yn dit gefal Marije, de mem fan Jezus Kristus. Yn Frankryk stean ferskate tsjerken mei de namme Notre Dame. De Notre-Dame fan Parys hat in lingte fan 130 meter en in hichte fan sa likernôch 70 meter. Alle jierren wer wurdt de katedraal besocht troch wol 14 miljoen toeristen.
Us-Leaffrou fan Parys
Notre-Dame de Paris | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Île-de-France | |
plak | Parys | |
adres | 6 Parvis Notre-Dame - Pl. Jean-Paul II | |
koördinaten | 48° 51' N 2° 21' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
aartsbisdom | Parys | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1163-1345 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Webside | ||
Side aartsbisdom Side katedraal | ||
Kaart | ||
Biskop Maurice de Sully joech ûnder Loadewyk VII opdracht ta de bou fan de katedraal. De earste stien waard yn 1163 troch paus Aleksander III dellein. Yn 1345 wie de bou fan de katedraal dien.
Yn 1804 kroande Napoleon himsels ta keizer yn de Notre Dame.
Mei de metro kin men it maklikst by de Notre-Dame fan Parys komme troch de halte 'metro station Cité' te brûken.