Newport Beach (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Newport Beach is in stêd oan 'e súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn Orange County, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, in pear kilometer besuden it folle gruttere Santa Ana. It is ien fan 'e rykste stêden fan 'e Feriene Steaten, dêr't mear as in fjirdepart fan 'e húshâldings in ynkommen hat fan boppe de $200.000, en it trochsneed hûs mear as $1 miljoen wurdich is. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Newport Beach doe goed 85.000 ynwenners. De stêd heart ta de stêdekloft fan Los Angeles, dy't neffens in offisjele skatting út 2012 in befolking hat fan goed 12,8 miljoen minsken.
Fluch de feiten
Newport Beach | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Orange County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 85.186 (2010) | |
Oerflak | 137,2 km² (ynkl. wetter) 61,7 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.381,7 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Stifting | 1870 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 33°37′00″N 177°53′51″W | |
Offisjele webside | ||
www.newportbeachca.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Newport Beach yn Orange County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute