New Orleans
stêd yn Louisiana, Feriene Steaten / From Wikipedia, the free encyclopedia
New Orleans (útspr.: /nu: 'ɔrliənz/ of /'nu: ɔr'li:nz/, en troch de pleatslike befolking almeast as /'nɔrlənz/; Frânsk: La Nouvelle-Orléans) is de grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Louisiana, en ien fan 'e grutste en wichtichste havenstêden oan 'e Golf fan Meksiko en oan 'e rivier de Mississippy. De bekendste bynamme fan 'e stêd is The Big Easy. Neffens in offisjele skatting út 2012 bedroech it ynwennertal fan 'e stêd doe krapoan 370.000 minsken. De stêdekloft dêr't New Orleans it sintrum fan foarmet, hat lykwols goed 1,2 miljoen ynwenners. De stêd New Orleans en Orleans Parish (Frânsk: paroisse d'Orléans), de bestjoerslaach boppe de sted, binne ien en deselde.
Fluch de feiten
New Orleans | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | border|20px Louisiana | |
Parish | Orleans Parish | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 369.250 (2012) | |
Oerflak | 907 km² (ynkl. wetter) 467,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 759 / km² | |
Stêdekloft | 1.214.932 (2010) | |
Hichte | -2 – +6 m | |
Oar | ||
Stifting | 1718 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 29°57′53″N 90°04′14″W | |
Offisjele webside | ||
www.nola.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan New Orleans yn 'e steat Louisiana.
|
Slute
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Louisiana. Foar oare betsjuttings, sjoch: New Orleans (betsjuttingsside).