Nanook of the North
film út 1922 fan Robert J. Flaherty / From Wikipedia, the free encyclopedia
Nanook of the North: A Story of Life and Love in the Actual Arctic ("Nanook fan it Noarden: in Ferhaal fan Libben en Leafde yn it Eigentlike Poalgebiet") is in Amerikaanske stomme dokumintêrefilm út 1922, regissearre, makke en skreaun troch Robert J. Flaherty. De film wurdt sjoen as de earste dokumintêrefilm ea makke, en is it meast ferneamde wurk fan Flaherty. Yn 1989 waard de film opnomd yn it Nasjonaal Filmregister as “kultureel en histoarysk wichtich”.