Malibu (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Malibu (útspr.: ['mælɪbu:], likernôch: "mel-luh-bûû"; Spaansk: Malibú, útspr.: [mali'bu], likernôch: "ma-li-bû") is in stêd en gemeente yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje, fuort bewesten Los Angeles. De stêd strekt him oer in lingte fan 34 km út by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns, en stiet bekend om syn oangename klimaat, syn strannen, en it feit dat der in protte ferneamde persoanen út 'e filmyndustry fan Hollywood wenje. Malibu leit oan 'e Pacific Coast Highway. As plak waard it yn 1926 stifte, en yn 1991 krige it de status fan stêd. Neffens in offisjele skatting út 2018 wennen der dat jiers krapoan 13.000 minsken.
Fluch de feiten
Malibu | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Gemeente | Malibu | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.777 (2018) | |
Oerflak | 51,4 km² (ynkl. wetter) 51,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 249,1 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 32 m | |
Oar | ||
Stifting | 1926 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 34°02′06″N 118°41′42″W | |
Offisjele webside | ||
www.malibucity.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Malibu (read) yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute