M4 Sherman
From Wikipedia, the free encyclopedia
De M4 Sherman, M4 medium tank, Sherman tank, ek wol koartwei Sherman neamd, wie de wichtichste tank dy't yn 'e Feriene Steaten ûntwikkele en boud waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch .
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
De M4 middelgrutte tank, Sherman wie in fierdere ûntwikkeling fan de M3 middelgrutte tank, de M3 Lee. De tank waard neamd nei de Amerikaanske generaal William T. Sherman dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch foar de Konfederearren focht.
De Sherman waard yn oktober 1942 foar it earst ynset troch de Britten by de Earste Slach by El Alamein. Der waarden mear as 49.000 stiks fan produsearre. Yn'e oarloch waard de tank net allinnich brûkt troch de Amerikaanske troepen, mar ek troch dy fan Frankryk, it Feriene Keninkryk en Poalen; nei de oarloch troch dy fan folle mear lannen.