Lindisfarne
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lindisfarne, ek 'Holy Island (of Lindisfarne)' ('Hillich eilân'), is in tij-eilân foar de noardeast kust fan Ingelân, likernôch op de hichte fan Berwick-upon-Tweed, en ek de namme fan in kleaster en kastiel op dat eilân. It eilân is mei in daam ferbûn mei it fêste lân, Northumberland, dy't by heech tij ûnderstrûpt.
Lindisfarne mjit fan east nei west 4,8 km en fan noard nei súd 2,4 km. Yn maart 2011 hie it eilân 180 ynwenners.
Yn de rin fan de 20e iuw naam it toerisme stadichoan ta en waard it in populêre bestimming fan foaral deitoeristen en fûgeltsjeminsken. In grut part fan it eilân en de by leech wetter droechfallende binne in natuerreservaat (Lindisfarne National Nature Reserve).