Life of Pi (film)
film út 2012 fan Ang Lee / From Wikipedia, the free encyclopedia
Life of Pi is in Amerikaansk-Britsk-Kanadeesk-Australysk-Taiwaneeske aventoerefilm út 2012 ûnder rezjy fan Ang Lee, mei yn 'e haadrollen Suraj Sharma en Irrfan Khan. De film is basearre op 'e súksesfolle roman mei deselde namme fan Yann Martel út 2001. It ferhaal giet oer Pi Patel, in Yndiaaske jonge, dy't skipbrek lijt op 'e Stille Oseaan en dêrnei yn in rêdingsboat fêst komt te sitten mei in tiger. Life of Pi waard troch de filmkritisy oer it algemien mei lof ûnthelle, en die it ek yn 'e bioskopen poerbêst. De film waard yn 2013 nominearre foar alve Oscars (wêrûnder dy foar bêste film), wêrfan't er fjouwer fan wûn, mei as wichtichste de Oscar foar bêste regisseur.
Fluch de feiten
Life of Pi | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ang Lee | |
produsint | Gil Netter Ang Lee David Womark | |
senario | David Magee | |
basearre op | de roman fan Yann Martel | |
kamerarezjy | Claudio Miranda | |
muzyk | Mychael Danna | |
filmstudio | Fox 2000 Pictures Dune Entertainment Ingenious Media Haishing Films | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Suraj Sharma Irrfan Khan | |
byrollen | Tabu Adil Hussain Rafe Spall Ayush Tandon Shravanthi Sainath | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Kanada Austraalje Taiwan | |
premiêre | 21 novimber 2012 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aventoerefilm | |
taal | Ingelsk (ek Tamyl en Frânsk) | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $120 miljoen | |
opbringst | $608,8 miljoen | |
prizen | 4× Oscar 1× Golden Globe 2× BAFTA 2× Satellite Award 2× Saturn Award |
Slute