Leningrad (oblast)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De oblast Leningrad (Russysk: Ленинградская область; transliterearre Leningradskaja oblast) is in oblast yn it noardwestlike diel fan de Russyske Federaasje. It gebiet omfiemet Sint-Petersburch, dat fan 1924 oant 1991 Leningrad hiet. De stêd heart sels net ta de oblast, mar is in selsstannich dielgebiet fan de federaasje. Eartiids stiene ek de bestjoersgebouwen yn Sint-Petersburch, mar sûnt 2021 is Gattsjina it bestjoerssintrum fan de oblast.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Leningrad oblast
Ленинградская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Noardwest |
ekonomyske regio | Noardwest |
haadplak | Gattsjina |
grutste plak | Gattsjina |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (89,6 %) Oekraïners (2,5 %) Wytrussen (1,6 %) (stân: 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 1.911.586 (2022) |
oerflak | 83 908 km² |
befolkingstichtens | 22,78 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 1 augustus 1927 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 60° 03' N 31° 45' E |
webside | www.lenobl.ru |
Slute
Oars as de stêd hat de oblast de namme út de Sovjet-tiid oanholden.