Lânkeltyske talen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Lânkeltyske talen of Kontinintaal Keltyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Keltyske taalfamylje, dy't fiif oant njoggen útstoarne talen omfettet. De namme fan dize taalkloft slacht op 'e oarsprong fan dizze talen op it fêstelân fan Jeropa, en ûnderskiedt se fan 'e oare grutte Keltyske taalgroep, de noch libbene Eilânkeltyske talen, dy't fan âlds op 'e Britske Eilannen sprutsen wurde.
Fluch de feiten
Lânkeltyske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Kontinintaal Keltyske talen | |
lokaasje | Frankryk, Sintraal-Jeropa, noardlik Itaalje, it Ibearysk Skiereilân | |
tal talen | 5-9 | |
tal sprekkers | ― († 2e iuw) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Keltysk ● Lânkeltysk | |
subgroepen | ● Gallysk ● Keltibearysk ● Lepontysk |
Slute