Krysteilân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Krysteilân (Ingelsk: Christmas Island) is in tropysk eilân yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan, 350 km besuden it Yndonezyske haadeilân Java. It foarmet in ekstern territoarium fan Austraalje. It gebiet, mei in oerflak fan 135 km², hat in tige beheinde foarm fan selsbestjoer. It haadplak is Flying Fish Cove, dat ek wol bekend stiet as The Settlement ("De Delsetting"). Neffens gegevens út 2011 hie it eilân doe in befolking fan krapoan 2.100 minsken, foar it meastepart etnyske Sinezen. Krysteilân bestiet foar 65% út it Nasjonaal Park Krysteilân, in beskerme natoergebiet. It eilân stiet benammen bekend om 'e massale jierlikse migraasje fan 'e reade krabbe, dy't fêstlein is yn withoefolle natoerdokumintêres.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Krysteilân Christmas Island | |
---|---|
flagge | wapen |
(gjin biedwurd) | |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Austraalje |
pol. status | ekstern territoarium |
haadstêd | Flying Fish Cove ("The Settlement") |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 2.072 (2011) |
befolkingstichtens | 10,4 / km² |
oerflak | 135 km² (ynkl. wetter) 135 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Australyske dollar (AUD) |
tiidsône | UTC+7 |
tillefoan | +61 |
ynternetekstinsje | .cx |
webside | shire.gov.cx |
Slute