John Cale
Britsk muzikant, songskriuwer en produsint / From Wikipedia, the free encyclopedia
John Cale (Garnant, Wales, 9 maart 1942) is in Britsk muzikant, songskriuwer en produsint. Cales wurk wurdt foar it grutste part rekkene ta de (alternatieve) rock, hoewol't er klassyk ûnderrjochte waard. Hy wie ien fan de leden fan The Velvet Underground (mei Nico) ein jierren ’60.
Neist rock hat Cale ek oare muzyksjenres beoefene lykas drone en klassike muzyk. Nei't er by de Velvet Underground ei gie yn 1968 hat er sa'n 30 albums útbrocht. Faaks is er as soloartyst it meast ferneamd fan syn album Paris 1919, syn coverferzje fan Leonard Cohens "Hallelujah", plus de mids-70er jierren by Island Records ferskynde albumtrilogy: Fear, Slow Dazzle en Helen of Troy.
Cale hat wurk produsearre- as oparbeider mei Lou Reed, Nico, La Monte Young, John Cage, Terry Riley, Hector Zazou, Cranes, Nick Drake, Mike Heron, Kevin Ayers, Brian Eno, Patti Smith, The Stooges, The Modern Lovers, Art Bergmann, Manic Street Preachers mei foaroanman James Dean Bradfield, Marc Almond, Element of Crime, Squeeze, Happy Mondays, LCD Soundsystem, The Replacements en Siouxsie and the Banshees.
Cale waard yn 1996 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame as lid fan de Velvet Underground.