Hellboy (film út 2004)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hellboy is in Amerikaanske superheldefilm en steampunkfilm út 2004 ûnder rezjy fan Guillermo del Toro, mei yn 'e haadrollen Ron Perlman en Selma Blair. De titel betsjut "Hellejonge" en ferwiist nei de haadpersoan. It ferhaal folget de superheld Hellboy, in út 'e hel ôfkomstige, mar op 'e Ierde grutbrochte demon, wylst er de wrâld beskermet tsjin 'e troch in dûnkere god besette Grigori Raspûtin. Tusken de bedriuwen troch besiket er fierders syn grutte leafde, de paranormaal bejeftige Liz Sherman, foar him te winnen. Hellboy krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses. In ferfolchfilm, Hellboy II: The Golden Army, kaam yn 2008 út.
Fluch de feiten
Hellboy | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Guillermo del Toro | |
produsint | Lawrence Gordon Mike Richardson Lloyd Levin | |
senario | Guillermo del Toro | |
basearre op | Hellboy fan Mike Mignola | |
kamerarezjy | Guillermo Navarro | |
muzyk | Marco Beltrami | |
filmstudio | Columbia Pictures Revolution Studios Dark Horse Entertainment Gordon/Levin Productions | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Ron Perlman Selma Blair | |
byrollen | John Hurt Rupert Evans Karel Roden Jeffrey Tambor Doug Jones | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 maart 2004 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 122 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $66 miljoen | |
opbringst | $99,8 miljoen | |
prizen | 3 × Saturn Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Hellboy | |
● folgjend diel | Hellboy II: The Golden Army |
Slute