Gwyneth Paltrow
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gwyneth Kate Paltrow (Los Angeles (Kalifornje), 28 septimber 1972) is in Amerikaansk aktrise. Hja waard yn it foarste plak bekend as de freondinne fan Brad Pitt, mar sy is tsjintwurdich fral bekend fan har filmrollen, dêr't Shakespeare in Love ûnder is. Sy wûn dêr in Oscar mei. Hoewol't hja Amerikaanske is, kin sy tige goed mei Britsk aksint sprekke.
Op 5 desimber 2003 troude Paltrow mei Chris Martin, de sjonger fan Coldplay. Op 15 maaie 2004 waard harren dochterke Apple Blythe Alison Martin berne, op 8 april 2006 folge in soantsje, Moses Bruce Anthony Martin. Sy hie neist Chris Martin en Brad Pitt ek (ûnder oaren) in relaasje mei Ben Affleck.