Greefskip Arteezje
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Greefskip Arteezje (Frânsk: Comté d'Artois, Nederlânsk: Graafschap Artesië) wie in eardere provinsje fan it Keninkryk Frankryk, dat fan 1384 ôf ûnder de hartoggen fan Boergonje kaam oant 1477/82 en doe in steat fan it Hillige Roomske Ryk waard fan 1493 oant 1659.
|
De hjoeddeiske regio Arteezje leit yn it noarden fan Frankryk, op de grins mei Belgje. It hat in oerflak fan sa'n 4000 km² en hat in befolking fan likernôch 1 miljoen minsken. De wichtichste plakken binne Arras (Atrecht), Calais (Kales), Boulogne-sur-Mer (Bonen), Saint-Omer (Sint-Omaars), Lens en Béthune. It foarmet it binnenlân fan it Frânske departemint Pas-de-Calais.
Oarspronklik wie it in eigen greefskip, doe't it anneksearre waard troch it greefskip Flaanderen. It kaam yn 1180 ta Frankryk as in breidskat fan in Flaamske prinsesse, Isabella fan Henegouwen, en it waard yn 1237 wer in eigen greefskip foar Robert, de beppesizzer fan Isabella. Troch erfenis kaam Arteezje yn 1384 ûnder de hearskip fan de hartoggen fan Boergonje. Nei de dea fan hartoch Karel de Stoute yn 1477 waard Arteezje urven troch de Habsburgers en kaam letter ûnder de Spaanske Habsburgers. Nei de protestantske revolúsjes yn de Nederlannen, sleat Arteezje him oan by de Nederlânske Opstân yn 1576 mei de Pasifikaasje fan Gint. Yn 1579 it foarme de Uny fan Arras.
Nei de Uny foarmen Arteezje en Henegouwen in eigen oerienkomst mei Filips II fan Spanje. Arteezje bleau in part fan de Spaanske Nederlannen oant it troch de Frânsken anneksearre waard yn de Tritichjierrige Kriich en dat waard erkend by de Frede fan de Pyreneeën yn 1659. It grutste part fan Arteezje wie al Frânsktalich, mar it wie part fan de Súdlike Nederlannen oant de Frânske anneksaasje.