Graceland Cemetery (Chicago)
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Graceland Cemetery (Ingelsk foar "Begraafplak Graceland") is in bekend Fiktoriaansk begraafplak yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. It leit yn 'e wyk Uptown, noard fan it sintrum, mei de haadyngong op it adres 4001 North Clark Street, by de krusing fan Clark Street mei Irving Park Road. It begraafplak beslacht in oerflak fan 48 ha (121 acres), en waard yn 1860 yn gebrûk nommen. Hjoed de dei hat it de status fan monumint. It waard op 18 jannewaris 2001 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP). It Graceland Cemetery foarmet it lêste rêstplak fan ferskate bekende ynwenners fan Chicago.
Fluch de feiten
Graceland Cemetery | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Illinois | |
county | Cook County | |
plak | Chicago | |
adres | 4001 North Clark Street | |
koördinaten | 41°57′16″ N 87°39′44″ W | |
bysûnderheden | ||
type begraafplak | algemien begraafplak | |
yn gebrûk | 1860 | |
oerflak | 48 ha | |
monumintale status | NRHP | |
monumintnûmer | 00001628 | |
eigner | Gemeente Chicago | |
offisjele webside | ||
www.gracelandcemetery.org | ||
kaart | ||
Slute