Gouden Bear
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Gouden Bear (Dútsk: Goldener Bär) is in wichtige Dútske priis op it mêd fan ynternasjonale films dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. It is de heechste priis fan dat filmfestival. De Gouden Bear waard yn 1951 foar it earst útrikt, op 'e earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn. De priis bestiet út in gouden byldsje fan in bear, it symboal fan Berlyn, dat ek prominint op it wapen en de flagge fan dy stêd stiet. De Gouden Bear wurdt útrikt yn trije kategoryen: bêste film (sûnt 1951), bêste koarte film (sûnt 1956) en yn 'e foarm fan 'e Gouden Earebear as oeuvrepriis foar akteurs en filmmakkers (soms oan ferskate persoanen tagelyk).
Fluch de feiten
Gouden Bear Goldener Bär | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
útrikt foar | ● bêste film ● bêste koarte film ● oeuvre | |
útrikt troch | Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn | |
frekwinsje | 1x yn it jier | |
datum | febrewaris | |
plak | Berlyn | |
ynsteld | 1951 | |
1e útrikking | 1951 | |
offisjele webside | ||
www.berlinale.de |
Slute