Fred Claus
film út 2007 fan David Dobkin / From Wikipedia, the free encyclopedia
Fred Claus is in Amerikaanske krystfantasykomeedzjefilm út 2007 ûnder rezjy fan David Dobkin, mei yn 'e haadrollen Vince Vaughn en Paul Giamatti. It ferhaal giet oer Fred Claus, de broer fan 'e krystman (Nicholas "Santa" Claus), dy't fan dyselde ferfrjemde rekke is. De krystman besiket de bannen wer oan te heljen, mar Fred hat sa syn eigen ideeën oer hoe't it krystfeest beävensearre wurde moat, en riidt dêrmei syn broer yn 'e tsjillen. De film waard loskes basearre op it gedicht A Legend of Santa en His Brother Fred fan Donald Henkel. Fred Claus krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Fluch de feiten
Fred Claus | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | David Dobkin | |
produsint | Joel Silver David Dobkin Jessie Nelson | |
senario | Dan Fogelman | |
basearre op | it gedicht fan Donald Henkel | |
kamerarezjy | Remi Adefarasin | |
muzyk | Christophe Beck | |
filmstudio | Silver Pictures | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Vince Vaughn Paul Giamatti | |
voice-over | Trevor Peacock | |
byrollen | Rachel Weisz John Michael Higgins Elizabeth Banks Kevin Spacey Miranda Richardson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 novimber 2007 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | krystfantasykomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $37 miljoen | |
opbringst | $97,8 miljoen |
Slute