Fiddler on the Roof (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fiddler on the Roof is in Amerikaansk histoarysk romantysk komeedzjedrama út 1971 yn 'e foarm fan in filmmusical. De film stie ûnder rezjy fan Norman Jewison en waard basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1964. De haadrollen waarden spile troch Chaim Topol en Norma Crane. De titel betsjut "Fidelder op it Dak" en ferwiist nei de wiffe posysje dy't de etnysk Joadske minderheid hie yn it Keizerryk Ruslân, as immen dy't op 'e naal fan it dak de fidel spilet.
Fiddler on the Roof | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Norman Jewison | |
produsint | Norman Jewison | |
senario | Joseph Stein | |
basearre op | de toanielmusical fan Joseph Stein, Jerry Bock en Sheldon Harnick | |
kamerarezjy | Oswald Morris | |
muzyk | Jerry Bock John Williams | |
filmstudio | The Mirisch Company Cartier Productions | |
distribúsje | United Artists | |
spilers | ||
haadrollen | Chaim Topol Norma Crane | |
byrollen | Rosalind Harris Michele Marsh Neva Small Leonard Frey Paul Michael Glaser Paul Mann Ray Lovelock Louis Zorich | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 3 novimber 1971 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | histoarysk komeedzjedrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 179 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $9 miljoen | |
opbringst | $83,3 miljoen | |
prizen | 3 × Oscar 2 × Golden Globe 1 × David di Donatello |
De film giet oer Tevje, in earme molkboer yn in etnysk Joadske delsetting yn 'e Oekraïne oan it begjin fan 'e tweintichste iuw. Hy en syn frou Golde hawwe fiif dochters, wêrfan't trije de âldens hawwe om te trouwen. Alles dat Tevje út it libben wol, is dat syn dochters houliken oangean sille mei rike, tradisjonele, Joadske manlju. Wylst de spannings troch it oanwaaksend antysemitisme yn it Keizerryk Ruslân oanboazje, komt syn âldste dochter ynstee thús mei in earme tradisjonele Joad, de twadde mei in earme Joadske sosjalist en de trêde mei in kristen.
Fan 'e filmkritisy krige Fiddler on the Roof oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie it sa'n trochslaand kommersjeel súkses, dat it de meast oprbringende film fan 1971 waard. Fiddler on the Roof waard nominearre foar acht Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film, en wûn trije; de film waard ek nominearre foar fjouwer Golden Globes en wûn twa, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje.