Eve Ensler
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eve Ensler (New York (New York), 25 maaie 1953) is in Amerikaansk toanielskriuwster, skriuwster, dokumintêremakster, artyste, feministe en polityk aktiviste dy't har ynset foar frouljusrjochten. Dêrby is se fral aktyf yn 'e striid tsjin frouljusmishanneling mei har yn 1998 oprjochte organisaasje V-Day, dêr't se al mear as $ 75 miljoen mei ophelle hat en mear as tolvetûzen helpprogramma's mei útfierd en skûlhuzen foar mishannele froulju mei opset hat yn 'e Demokratyske Republyk Kongo, Haïty, Kenia, Egypte, Irak en Súd-Dakota. Ek wurket se nau gear mei de Revolutionary Association of the Women of Afganistan (RAWA). As skriuwster is hja benammentlik bekend wurden troch har toanielstik The Vagina Monologues, út 1996, dat oerset is yn likernôch 50 talen en spile is troch grutte nammen as Jane Fonda, Whoopi Goldberg, Glenn Close, Susan Sarandon, Cyndi Lauper en Oprah Winfrey.
Eve Ensler | ||
skriuwer | ||
Eve Ensler yn 2011. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Eve Ensler | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 25 maaie 1953 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | toaniel, autobiografy, non-fiksje | |
tema's | feminisme | |
bekendste wurk(en) | The Vagina Monologues | |
prizen | Tony Award 2011 | |
jierren aktyf | ±1985 – no | |
offisjele webside | ||
www.vday.org |