Evanston (Illinois)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Evanston (útspr.: ['ɛvənstən], likernôch: "eh-vun-stun") is in stêd yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Illinois. It is in wichtige foarstêd fan Chicago, en leit oan 'e noardkant fan dy metropoal oan 'e kust fan 'e Michiganmar. Evanston stiet benammen bekend as it plak dêr't de promininte Noardwestlike Universiteit fêstige is. It is ien fan 'e rykste stêden fan noardlik Illinois. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie Evanston doe krapoan 75.000 ynwenners. Fanwegen de sterke metodistysk-protestantske ynfloed hie Evanston foarhinne de bynamme 'Heavenston' (in wurdboarterij op 'Evanston' en heaven, "himel").
Fluch de feiten
Evanston | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Illinois | |
County | Cook County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 74.756 (2017) | |
Oerflak | 20,21 km² (ynkl. wetter) 20,15 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 3.699,0 / km² | |
Stêdekloft | Chicago | |
Hichte | 182 m | |
Oar | ||
Stifting | 1857 | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 42°02′47″N 87°41′41″W | |
Offisjele webside | ||
cityofevanston.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Evanston yn Cook County en yn 'e steat Illinois. |
Slute