Creative Commons
From Wikipedia, the free encyclopedia
Creative Commons (CC) is in fan oarsprong Amerikaansk projekt, dat it ta stân kommen fan iepen ynhâld begeunstigje wol. It wol it mooglik meitsje dat kreatyf wurk frijer beskikber steld wurdt as yn it tradisjonele auteursrjocht kin, sadat sokke wurken bygelyks ienfâldiger kopieard en ferspraat wurde kinne en oaren der fierder oan wurkje kinne. Creative Commons biedt ferskate frije lisinsjes oan, dy't copyrighthâlders brûke kinne om by it ferspreiden fan ynformaasje problemen foar te kommen dy't yn it hjoeddeiske auteursrjocht oan it ljocht komme kinne.
It projekt is yn 2001 oprjochte troch ûnder oaren Lawrence Lessig, in Amerikaan dy't in makliker auteursrjocht foarstiet. Creative Commons omfettet in oantal ynternasjonale projekten om de frije lisinsjes oer te setten fan it Ingelsk yn oare talen en fan it Amerikaanske rjocht nei oare rjochtsystemen.