Cold Pursuit
From Wikipedia, the free encyclopedia
Cold Pursuit is in Amerikaansk-Britsk-Kanadeesk-Frânske misdiefilm en swarte komeedzje út 2019 ûnder rezjy fan Hans Petter Moland, mei yn 'e haadrollen Liam Neeson en Tom Bateman. De titel betsjut "Kâlde Efterfolging". De film is in remake fan 'e Noarske film Kraftidioten, ek fan Moland, dy't mooglik bekender is ûnder de ynternasjonale titel In Order of Disappearance ("Op Folchoarder fan Ferdwining"). Beide films binne basearre op 'e roman Kraftidioten, fan Kim Fupz Aakeson. Cold Pursuit giet oer snieploechsjauffeur Nels Coxman út it fiktive Amerikaanske wintersportoard Kehoe. Dyselde set útein mei in syktocht nei wraak wannear't syn soan fermoarde wurdt troch in drugskartel. Cold Pursuit krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, mar prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.
Cold Pursuit | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Hans Petter Moland | |
produsint | Finn Gjerdrum Stein B. Kvae Michael Shamberg Ameet Shukla | |
senario | Frank Baldwin | |
basearre op | Kraftidioten fan Kim Fupz Aakeson | |
kamerarezjy | Philip Øgaard | |
muzyk | George Fenton | |
filmstudio | Summit Entertainment MAS Productions Paradox Films Groupe Canal+ Ciné+ | |
distribúsje | Lionsgate Films (Feriene Steaten) StudioCanal (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Liam Neeson Tom Bateman | |
byrollen | Tom Jackson Emmy Rossum Domenick Lombardozzi Julia Jones Laura Dern | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk Kanada Frankryk | |
premiêre | 8 febrewaris 2019 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | misdiefilm en swarte komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $60 miljoen | |
opbringst | $76,2 miljoen |