Brún
kleur / From Wikipedia, the free encyclopedia
Brún is in kleur dy't eins itselde is as dûnkeroranje. Sadwaande makket it gjin selsstannich ûnderdiel út fan it spektrum fan sichtber ljocht of fan 'e kleuresirkel. By additive kleurminging is brún in sekundêre kleur (dy't ûntstiet troch read en grien ljocht te mingen), mar by subtraktive kleurminging is it in tertiêre kleur (makke troch syaan, maginta en giel te mingen of swart, maginta en giel, as swart beskikber is). Yn 'e skilderkeunst kriget men brún troch swart te mingen mei oranje. Kwa tinten rint brún útinoar fan bistre, dat hast swart is, oant weetgiel. Brún komt benammen yn 'e natoer in protte foar, en wurdt assosjearre mei hout, grûn, hier, trochgong, lilkens en earmoede. Yn 'e heraldyk is brún in heraldyske kleur, dy't lykwols as sadanich net algemien erkenning genietet. Yn sprekwurden seit men: sa brún as in bear, sa brún as in kastanje, sa brún as jarre of sa brún as kofje.
- selsportret fan Rembrandt
- in brune bear
- kofjebeane
- ikehouten wynfetten
brún | ||
spektrale koördinaten | ||
weachlingte | n.f.t. (gjin spektrale kleur) | |
frekwinsje | n.f.t. (gjin spektrale kleur) | |
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #964B00 | |
RGBª (r, g, b) | (150, 75, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 50, 100, 41) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |