Black Hawk Down (film)
film út 2001 fan Ridley Scott / From Wikipedia, the free encyclopedia
Black Hawk Down is in Amerikaansk-Britske histoaryske oarlochsfilm út 2001 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Josh Hartnett, Ewan McGregor, Tom Sizemore en William Fichtner. De titel is in Amerikaanske militêre útdrukking yn tillegramstyl, dy't safolle betsjut as "Black Hawk Delstoart", ferwizend nei in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter. It ferhaal giet oer de Slach om Mogadisjû, in wapene treffen yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû, wêrby't yn 1993 twa helikopters fan it Amerikaanske Leger delsketten waarden. Black Hawk Down krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, nettsjinsteande krityk op it ûntbrekken fan kontekst, it net yn byld bringen fan beskate Amerikaanske militêre blunders en de as rasistysk kwalifisearre portrettearring fan 'e Somaaljers. De film ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses en wûn yn 2002 twa Oscars yn technyske kategoryen.
Black Hawk Down | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ridley Scott | |
produsint | Jerry Bruckheimer Ridley Scott | |
senario | Ken Nolan | |
basearre op | it boek fan Mark Bowden | |
kamerarezjy | Sławomir Idziak | |
muzyk | Hans Zimmer | |
filmstudio | Columbia Pictures Revolution Studios Jerry Bruckheimer Films Scott Free Productions | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Josh Hartnett Ewan McGregor Tom Sizemore William Fichtner | |
byrollen | Sam Shepard Eric Bana Ewen Bremner Ron Eldard Željko Ivanek Jason Isaacs | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 28 desimber 2001 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 144 minuten 152 minuten (útwreide ferzje) | |
budget en resultaten | ||
budget | $110,5 miljoen | |
opbringst | $173 miljoen | |
prizen | 2 × Oscar |