Abovjan
From Wikipedia, the free encyclopedia
Abovjan (Armeensk: Աբովյան) is in stêd yn de Armeenske provinsje Kotajk. De stêd leit 10 kilometer noardeastlik fan de haadstêd Jerevan op in hichte fan likernôch 1.450 meter boppe seenivo.
Fluch de feiten
Abovjan Աբովյան | ||
Polityk | ||
Lân | Armeenje | |
Provinsje | Kotajk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 35.400 (2016) | |
Oerflak | 11 km² | |
Befolkingsticht. | ± 2.300 / km² | |
Hichte | 1.450 m | |
Oar | ||
Stifting | 1963 | |
Tiidsône | GMT+4 (UTC+4) | |
Simmertiid | GMT+5 (UTC+5) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele side |
Slute
Abovjan is neffens ynwennertal de op fjouwer nei grutste stêd fan it lân (sinsus 2011). De stêd hat goede ferbinings mei Jerevan en wurdt as noardlike tagongspoarte en foarstêd beskôge fan Jerevan.
De stêd ûnstie yn de jierren 1960 doe't it doarp Elar omdoopt waard ta Abovjan. Op it plato tusken de rivieren Hrazdan en Azat waard yn de jierren 1962-1963 de moderne stêd situearre, dy't him ûntwikkele ta in yndustrieel sintrum yn de Armeenske Sosjialistyske Sovjetrepublyk. De stêd is ferneamd nei de ferneamde Armeenske skriuwer Chatsjatûr Abovjan.