A Walk in the Woods (film)
film út 2015 fan Ken Kwapis / From Wikipedia, the free encyclopedia
A Walk in the Woods is in Amerikaanske biografyske komeedzjedramafilm út 2015 ûnder rezjy fan Ken Kwapis, mei yn 'e haadrollen Robert Redford en Nick Nolte. It is in ferfilming fan it autobiografyske non-fiksjeboek mei deselde namme fan Bill Bryson. De titel betsjut: "In Kuier troch de Bosk". It ferhaal giet oer reisferhaleskriuwer Bill Bryson, dy't it him, as er op jierren is, yn 'e holle hellet om it 3.500 km lange Appalachian Trail-kuierpaad te berinnen. In âlde maat fan sines biedt himsels oan om mei. Bryson syn frou is op it idee tsjin, en net sûnder reden, sa blykt letter. A Walk in the Wood krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar waard yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
A Walk in the Woods | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ken Kwapis | |
produsint | Robert Redford Bill Holderman Chip Diggins | |
senario | Rick Kerb Bill Holderman | |
basearre op | it boek fan Bill Bryson | |
kamerarezjy | John Bailey | |
muzyk | Nathan Larson | |
filmstudio | Route One Films Wildwood Enterprises | |
distribúsje | Broad Green Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Robert Redford Nick Nolte | |
byrollen | Emma Thompson Kirsten Schaal Mary Steenburgen | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 2 septimber 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | biografysk komeedzjedrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 104 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $8 miljoen | |
opbringst | $36 miljoen |
Slute