A Knight's Tale
film út 2001 fan Brian Helgeland / From Wikipedia, the free encyclopedia
A Knight's Tale is in Amerikaanske ridderfilm en romantyske aventoerekomeedzje út 2001, ûnder rezjy fan Brian Helgeland, mei yn 'e haadrollen Heath Ledger en Shannyn Sossamon. De titel betsjut: "It Ferhaal fan in Ridder". Helgeland wie ek ko-produsint en skreau boppedat sels it senario, dat (hiel loskes) basearre is op The Knight's Tale ("It Ferhaal fan 'e Ridder") út The Canterbury Tales, fan 'e ferneamde fjirtjinde-iuwske Ingelske skriuwer Geoffrey Chaucer. De film lit him net folle gelegen lizze oan historisiteit, en is mei sin anagronistysk, hoewol net sa bot dat it ferhaal derûnder te lijen hat. De plot draait om William, de soan fan in reiddekker, dy't der as jonkje al fan dreamde om mei te dwaan oan toernoaien, en him as folwoeksene begjint út te jaan foar in ridder. A Knight's Tale krige mingde kritiken, mar waard in kommersjeel súkses.
A Knight's Tale | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Brian Helgeland | |
produsint | Todd Black Brian Helgeland Tim Van Rellim | |
senario | Brian Helgeland | |
basearre op | it ferhaal fan Geoffrey Chaucer | |
kamerarezjy | Richard Greatrex | |
muzyk | Carter Burwell | |
filmstudio | Columbia Pictures Escape Artists | |
distribúsje | Sony Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Heath Ledger Shannyn Sossamon | |
byrollen | Mark Addy Paul Bettany Alan Tudyk Laura Fraser Rufus Sewell | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 11 maaie 2001 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske aventoerekomeedzje, ridderfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 132 minuten 138 minuten (útwreide ferzje) | |
budget en resultaten | ||
budget | $65 miljoen | |
opbringst | $117,5 miljoen |