ANZAC
From Wikipedia, the free encyclopedia
It ANZAC, in ôfkoarting dy't stiet foar it Australian and New Zealand Army Corps ("Australysk en Nijseelânsk Legerkorps"), wie yn 'e Earste Wrâldoarloch in militêre ienheid fan 'e Britske Mediterrane Ekspedysjemacht. It legerkorps waard yn desimber 1914 yn Egypte foarme en bestie, sa't de namme al oantsjut, foar it meastepart út Australyske en Nijseelânske troepen, hoewol't der fan tiid ta tiid ek Britske ienheden en ienheden út 'e koloanjes fan it Britske Ryk oan taheakke waarden. It ANZAC waard ynset yn 'e Gallipoli-kampanje, en doe't dy op in fiasko útrûn, waard it nei de evakuaasje fan Gallipoli yn 1916 opheft. Under de Twadde Wrâldoarloch waard it koarte tiid weroprjochte ûnder de Slach om Grikelân, yn 1941.
Fluch de feiten Australysk en Nijseelânsk Legerkorps (Australian and New Zealand Army Corps), flagge ...
Australysk en Nijseelânsk Legerkorps (Australian and New Zealand Army Corps) | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
lân | Austraalje Nij-Seelân |
ûnderdiel | lânmacht |
soarte | ynfantery en kavalery |
bysûnderheden | |
haadkertier | Kaïro (Egypte) |
sterkte | 65.000 man (1914–1916) |
aktyf | 1914 – 1916 en 1941 |
konflikten | |
Earste Wrâldoarloch Twadde Wrâldoarloch |
Slute